Google Translate / Star Class Ljouwert

Geplaatst op 22-02-2016 door onze razende ijsreporter Foppe in Wedstrijden

Mear as een miljoen wurden bin der yn de staferingsside fan Google translate opnam yn de oerset  nei it Frysk, dus der  stjit de tsjirmende iis reporter  neat mear yn e wei om te skrieuwen yn de taal wer’t er mei grutbrocht is, wer’t er yn tinkt, wer’t er yn flokt en bidt:  it Frysk. Jir en der wat fontetisk wâldfrysk, mar ala it is al wer een ier as wat lyn dat ik myn memmetaal oan’t papier tafertrouwe moast.  En mochten jimme it net machtig wêse, leppelje disse tekst dan mar oer nei:  www.translate.google.nl/Frysk  Wa wit kin Google der wat fan meitsje.

De nije hal

De nije elfstedenhal, wêrt wy ferline jier noch mei langstme ôfskie nammen fan de âlde fertroude iishal witte wy no al hast net mear better dat we yn disse mooie nije hal riide meije. Tsja, it kin ferkere, de poartjes soarchje noch foar wat toekelteannen,  sa no en dan fleane se iepen en foar itselde hingest der tusken, mar blinder wat in wille.  Fan te foarren gjin kessens mear del te setten, noflik  lâns de baan hingje en sûnder een kalde bealich túskomme. Hoe smûk wolle jo it hawwe. En no fuort  mar in toernoai fan ynternasjonale allure, in star class de tredde en leste foar de junioren D en C. Wêrt yn Turijn noch mar in piepfol dielnimmers wiene, seagen wy it oantal yn Hasselt al flink omheech gean.  Mar no oerstiigt it omtrint alle toernoaien, al mei al sa’n  180 dielnimmers.  Der sil fêst wol sprutsen wurde oer de limieten foar takommend jier. En yn sawot alle categorieën  een hânfol Triassers dy’t op harren fernijde  thûsbaan hun keunsten fertoane kinne. In hiele organisaasje, mar de  draaiboeken fan de âlde Fryslân cup binne  afstoffe  en it blykt ek dat wy fanút de âlde hal dochs een soad oan erfaring mei nimme kinne nei de nije hal . De wedstryd waard foar it oare net yn de grutte hal ferrieden, mar yn de blauwe hal dêr wêr ek it simmeriis lei.  In mooi affiche der by en we kinne los. Yn de wike foarôf wie it noch gjin sniene koeke foar elts en ien. Niels Bergsma  besocht in izeren balke oan e kant te kopjen mar dat mislearre, kop iepen. Mar mei wat lym mooi op tiid wer fris oan e start.  Ferwachtings binne heech nei it succes fan de forige wedstriiden. By de Star-class yn Turijn kamen Niels K en Steyn  mei een gouden plak  thus op de relay en yn Hasselt wie it wer Niels dy’t goud scoorde op de 500, dus op e thûsbaan moat it barre. Mar dat is jusjes makeliker sein as dient bliekt.  

Wa dogge der no eins mei ? No foar Trias oan de start steane  Femke de Boer, Suze Kingma, Esmee Roes, Anna Marit Sybrandi, Ilse Tuinstra, Sietske van der Meer, Niels Bergsma, Dedmer Bouma, Hylke de Boer, Samuel Janssen, Tim Karelse, Jelte Roel Span en Brian van Riet by de jongens en famkes D. By de C-s binne der wat minder, mar sekers net de minsten, Simone Veenstra, Niels Kingma, Hessel van Berkum en  Steyn Land. Foar de D junioren is’t betiid fan e stok, troch de lange list fan dielnimmers wurdt it programma sawol oan e foarside as letter op e dei opskowt, mar it past allegjerre mooi. Kopkes binne foar de start by sommigen wat griis, sil spanning wêse. Dertroch falt jir en der een Triasser, mar sjogge we ek utsjitters.  As namme kin it hast net Frysker, mar hy praat West-Frysk:  Hylke de Boer. Hy soarchet foar it eerste Trias blik, brûns op e 1000 meter. It gerucht giet al dat grutte broer Tjerk net mear mei Hylke te trainen wol, jo moatte de concurrensje net wiiser meitsje at se binne no ? De midjes is it Niels Kingma dy’t op e 1500 meter oan’t langste ein lûkt. Syn 3e star-class goud dit seizoen, mei rjocht straks nei de Europa cup finale yn  Budapest.

Wy hiene nog een gelokje op de freed, gjin alvestedentocht, de Facebook side siet er toch wat njonken, dus kinne we de sneons ek gewoan fjirder mei it shorttracken. De  500 meter stjit hjoed op  it program. Sawol by de D’s as by de C’s jout dat soms wat oare nammen oan it front. De toppers beheerskje alle âfstanden, mar bygelyks een Salomon Prempeh ut Ingelân riidt by de jongens C’s op de lange ôfstanden een bytsje foar spek en brea mei, mar op de 500 is’t een soarte fan carbid bus dy’t ôfsketten wurdt.  Wol mooi om nei te sjen trouwens, net om tsjin te riiden, Miskien wat foar Jan Ykema om disse jonge ut te noegjen foar it koartebaantoernooi  oer een pear wike.

De sneins is’t foar alle dielnimmers betiid fan bêd. It is alwer de tredde dei en foaral by de D junioren sjochst dat trije dagen dochs een soad is. Jir en der biggelje wat trjinnen oer de lea at er een penalty joun wurdt of de tsjinstander wol hiel gemien is. Sels dogge se it gelokkig nea ferkeerd. De omrop is der ek en makket een koart en mooi ferslachje oer it barren. Oan it ein fan de dei komme ek de grutte  ferhalen en meitsje we it ferdikt op, gjin swiere ûngemakken, een tiidsskema wat  op e minuut kloppet, een bûtenlanske skiedsrjochter dy’t wol hiel amikaal nei een mem fan een riider knipeaget, mar boppeal een tiige slagge toernooi. Grutste  ferrassing ? Mei stip foar my Esmee Roes, sy mei de koffers pakken  miskien wol mei har grutte broer nei Budapest. Mar deroer nije wike fest mear. De hal is dus smûk en foar dit soarte toernooien perfect, tink dat de riiders der graach werom komme. Manmachtig roemje we op, de kessens ha we yn een eachwink werom op’t plak yn e nije hal. Kinne we moandje wer gewoan traine en neiprate oer dit mooie wykein.

Sa as altyd de weromreis, dit kear gjin 850 lange kilometers en 7 oerkes autobahn. Nee 7 stopljochten,  mei de leste tusken Hurdegaryp en Noardburgum. Heechut 33 minuten kinne we it der oer ha foar we it hiem opriide, mar  eins wie dat net iens nedich. Wy binne by de bonkefeart at it al stil is yn e auto, ûnder de yndruk fan it hiele barren. Wat us oanbelanget kin dit elk ier wol, mar dan it oare ier wol graach foar de A en B junioren, mar dat is in stikje puur eigen belang,  dat snappe jim. Sa binne we  dus foar de molkerstiid al thus en set Mark Scheepstra us  yn ûnferfalst Liwadders wer mei beide poatsjes werom yn e Fryske klaai. Ja we hewwe wel  wat talentsjes  by Trias, maar it binne nog lang geen Sjinkies ! En sa sjoch je mar, foar’t disse generaasje Olympisk goud hellet, moat der nog flink wat barre, mar foar’t de measten dit stikje ûntsifere ha,  kin wol ris krekt like lang duorje.


Esmee Roes in de A-Finale van de 500m ladies junior D Hylke de Boer brons op de 1000m men junior D Niels Kingma op podium van meerdere afstanden
Sidijk logo Rabobank logo Sidijk logo

Voeg Trias toe op: